Wetterskip wol noch dizze moanne byld hawwe fan mûzeskea

19 jan 2015 - 20:56
  • Sjoernalisten en politisy besjogge de mûzeskea op it lân fan boer Van der Werf

It Wetterskip hopet dizze moanne by de skou in eksakt byld te krijen fan de skea dy't troch de mûzepleach oanrjochte is oan diken en kaden. Op dit stuit is bekend dat de helte fan de 900 kilometer feankaden yn ús provinsje skea oprûn hat. Sa'n 50 kilometer dêrfan moat ek echt hersteld wurde.

Hoe heech it skeabedrach úteinlik útfalle sil, is noch net dúdlik. Mar it sil in flinke kostepost wêze. In flinke winter om in ein te meitsjen oan de pleach soe hiel wolkom wêze seit bestjoerslid Roel de Jong fan it Wetterskip.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)