Jong SC Hearrenfean ferliest thús fan Willem II

19 jan 2015 - 20:43
  • SC Hearrenfean

Jong SC Hearrenfean hat moandeitejûn op eigen fjild mei 3-0 ferlern fan Jong Willem II. Jerson Cabral wie de útblinker oan de kant fan de besikers, mei twa goals. Yn de earste helte benutte hy in strafskop. Dy wie al nei acht minuten jûn, nei in oertreding fan keeper Maarten de Fockert. Hy krige in giele kaart.

Yn de twadde helte rûn Jong Willem II út nei 3-0, troch doelpunten fan Zanelli en op 'e nij Cabral. SC Hearrenfean krige allinnich wat lytse kânsen en makke gjin momint oanspraak op de oerwinning.

Troch it ferlies bliuwt Jong SC Hearrenfean stean op 3 punten, Willem II giet nei 6 punten.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)