Twa ferwûnen by botsing op de A6 by Sint Nyk
Twa minsken binne moandei oan de ein fan de middei ferwûne rekke by in ûngelok op de A6 by Sint Nyk. Dêr kaam in frachtwein yn botsing mei twa auto's. Hoe slim oft de ferwûnings fan de slachtoffers binne, is net bekend.
Troch it ûngelok wie ien rydstrook in skoft ôfsletten. De oarsaak fan de botsing is noch net bekend.