Stroetinga en Bergsma nei WK massastart

19 jan 2015 - 17:55

Arjan Stroetinga út Waskemar en Jorrit Bergsma út Aldeboarn meie Nederlân fertsjintwurdigje op de massastart op it WK ôfstannen, mids febrewaris yn Thialf. Stroetinga waard it ôfrûne wykein foar de tredde kear nasjonaal kampioen op dit ûnderdiel. De rider fan team Clafis wie de rapste yn de einsprint, neidat er troch ploechgenoat Jorrit Bergsma perfekt nei foaren brocht wie.

Mei op basis fan dizze prestaasje hat de KNSB it duo oanwiisd foar it WK. By de froulju meie Irene Schouten en Mariska Huisman fan start op dit ûnderdiel.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)