Doarpsbewenners hawwe minder mei-inoar as oerheid wol

De oerheid wol graach hieltiid mear oerlitte oan de lokale omjouwing fan de boarger. Mar troch mobiliteit en moderne kommunikaasjemiddels is dy lokale omjouwing foar de doarpsbewenner krekt minder wichtich wurden. Dit blykt út ûndersyk fan it Sociaal Cultureel Planbureau dat moandei ferskynt ûnder it biedwurd ''Dichtbij huis'.
Dat ûndersyk giet oer de lokale bining en ynset fan doarpsbewenners. Neffens it Sociaal Cultureel Planbureau soe dy pleatslike bining de lêste jierren in stik minder wurden wêze.
Yn doarpen kenne in soad minsken inoar, mar de measten hawwe har echte freonen bûten it doarp. Doarpelingen binne dêrom minder oanwiisd op inoar as eartiids, oant it moment dat it om hiel konkrete en direkte help giet. Dan is in goeie buorman of buorfrou wer wichtiger as 'in fiere freon', sa stiet yn it ûndersyk fan it Scociaal Cultureel Planbureau