Jild socht om 'Down's Upside' nei Ljouwert te heljen

19 jan 2015 - 13:43

Stichting Down Syndroom Fryslân docht der alles oan om de iepenlofteksposysje Down's Upside fan 't simmer nei it sintrum fan Ljouwert te heljen. De eksposysje bestiet út 40 portretfoto's fan moaie bern mei it Down Syndroom. Sels beskikt de stichting net oer it nedige budzjet fan goed 12.400 euro, dêrom moatte der sponsors socht wurde.

Mar maklik giet dat net, want sponsors steane net te springen om te stypjen. Dochs is de eksposysje wichtich foar in goede byldfoarming, seit Jan Noorderwerf fan stichting Downsyndroom Fryslân.

Want hielendal akseptearre is it Down Syndroom noch altyd net, neffens de stichting.

Trefwurden: 
eksposysje Down Down's Upside
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)