Provinsje dwaande mei stappeplan foar 'otter-knipepunten'

19 jan 2015 - 12:30

De provinsje wurket oan in stappeplan om knipepunten foar otters op te lossen. It Ryk sil dit jier en takommend jier grutte knipepunten op de Fryske ryksdiken: de A6, A7 en A32 oanpakke om te foarkommen dat der noch safolle otters deariden wurde. It Ryk is dêr ta ferplichte troch de rjochter.

It beslút om aksje te ûndernimmen, hat lang op him wachtsje litten, mar dochs is deputearre Johannes Kramer bliid mei it beslút. De provinsje komt dêrom ek mei in eigen stappeplan om otter-knipepunten oan te pakken.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)