Net ien Twadde Keamerlid op mûze-aksjedei

19 jan 2015 - 11:44

Der is gjin inkeld Twadde Keamerlid nei de mûze-aksjedei op It Hearrenfean kaam. Dat die moandei bliken op de aksjedei. Op inisjatyf fan fiif 'mûze-aksjeboeren' út Ypekolsgea en Yndyk is der - mei stipe fan de LTO - in grutte mûze-aksjedei organisearre yn Feanplaza.

Wat yn 'e hjerst fan 2014 noch in pleatslik en tydlik probleem like, is yntusken in provinsjale pleach wurden. By it mûzemeldpunt fan de LTO binne al hûnderten skeameldings binnenkaam. It skeabedrach is yntusken oprûn nei mar leafst 70 miljoen euro.

De aksjedei begûn moarns mei in besite oan Fryske boeren dy't troffen binne troch de mûzepleach. Doel fan de dei wie ûnder oare om politisy sjen te litten hoe grut de skea is, mar de keamerleden lieten it massaal ôfwitte. Der wiene wol ferskate politisy lykas deputearre Johannes Kramer, Europarlemintariër Jan Huitema en ferskate steateleden.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)