Twa manlju oanhâlden mei GHB yn Broeksterwâld

19 jan 2015 - 11:22
  • GHB

In 22-jierrige man fan Wâlterswâld en in 18-jierrige jonge út Drachten binne moandeitemoarn oanholden omdat se fleskes mei de drug GHB by har hienen. It duo waard oanholden op de Haaijehoeke yn Broeksterwâld. By kontrôle liet de 22-jierrige bestjoerder witte dat er GHB yn de auto hie. De plysje fûn twa fleskes, dêr't nei alle gedachten GHB yn sit.

De manlju binne oanholden en oerbrocht nei it plysjeburo. De plysje ûndersiket oft it guod yn de fleskes yndie GHB is.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)