Tiisdei nije syktocht nei Luimstra by de Snitsermar

Gert-Jan Luimstra
Der hat snein opnij in grutte groep frijwilligers op syk west nei de fermiste Gert Jan Luimstra fan Snits. De man wurdt al sûnt 6 jannewaris fermist en soe sûnt dy dei ûnder oare sjoen wêze yn Surhústerfean. In syktocht troch it doarp hat sneon neat opsmiten. Snein waard yn en om de Snitsermar socht, mar ek dat hie gjin resultaat.
De plysje seit op dit stuit gjin konkrete oanwizings te hawwen oer wêr't Luimstra mooglik wêze kin. Tiisdei sil opnij socht wurde by de Snitsermar. Dit kear mei help fan spesjale speurhûnen fan de plysje.