Haulster (18) ferwûne nei botsing tusken trekker en auto

19 jan 2015 - 10:37

In 18-jierrige jonge út De Haule is sneintemiddei ferwûne rekke by in oanriding tusken in trekker en in auto. De jonge ried op 'e trekker oer de Polderwei, doe't in 54-jierrige automobilist út Appelskea achterop de trekker botste.

De trekker rekke fan de dyk en kypte om yn de berm. De 18-jierrige jonge rekke dêrby ferwûne en moast nei it sikehûs brocht wurde. Ek de 54-jierrige automobilist en syn frou binne foar kontrôle nei de dokterspost brocht.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)