Omstanners rêde dowen út brânend dowehok

19 jan 2015 - 10:26

Omstanners hawwe sneintejûn in tsiental dowen rêden út in brânend dowehok by De Rottefalle. Krekt nei alve oere jûns kaam der in melding binnen fan in brân yn in frijsteande loads oan de Rydwei. Buorlju seagen de flammen yn de loads en warskôgen de eigeners fan de loads.

Omstanners waarden optrommele om de dowen út it dowehok te rêden. Dat slagge, mar de brânwacht fan Drachten koe net foarkomme dat de loads folslein útbaarnde.

Der wurdt op dit stuit ûndersocht oft der ek asbest frijkaam is by de brân. Dit soe dan allinnich op it eigen hiem fan de dowehâlder belâne wêze. De oarsaak fan de brân is ûnbekend.

Trefwurden: 
brân De Rottefalle dowehok
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)