Marrit Leenstra wit net krekt wêr't se oan ta is

Foar Marrit Leenstra is it noch net krekt dúdlik hoe't de rest fan har seizoen der út sjocht. De reedrydster fan Wikel is wis fan in ticket foar it WK ôfstannen, mar de planning foar de rest fan it seizoen is troch de regels fan reedrydbûn KSNB noch ûnwis. Trochdat Leenstra ein desimber op it NK allround diskwalifisearre waard, is it net wis oft se oan seleksjewedstriden meidwaan mei.
Har ploech, Team Corendon, en de KNSB probearje sa gau as mooglik dúdlikheid te jaan. Leenstra wûn op it NK sprint twa kear de 1000 meter.