FNP-moasje foar nije basiskoalle yn Tsjalbert

18 jan 2015 - 16:51

De FNP-fraksje yn de gemeenteried fan Hearrenfean komt moandei yn de riedsgearkomste mei in moasje oer de twa basisskoallen fan Tsjalbert. De partij ropt it kolleezje op om te ûndersykjen wat de mooglikheden binne foar húsfesting fan de skoallen op ien lokaasje. De iepenbiere Nijewei en de kristlike De Anjewier wolle fusearje. De FNP fynt dat der dan ien lokaasje komme moat. It kolleezje seit dat hjir gjin jild foar is.

De FNP wol dat boargemaster en wethâlders earst útsykje hoe djoer ferbou of nijbou is.

Trefwurden: 
skoalle FNP Tsjalbert
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)