Hein Otterspeer foar it earst Nederlânsk kampioen sprint

18 jan 2015 - 16:47

Hein Otterspeer pakte snein foar it earst yn syn karriêre de nije Nederlânsk sprinttitel. Otterspeer wûn de ôfslutende 1000 meter yn in tiid fan 1.10.14. Dêrmei liet er titelhâlder Michel Mulder efter him yn it einklassemint. Mulder waard twadde, foar Pim Schipper dy't as tredde einige yn it einklassemint.

It sulver op de twadde 1000 meter gong nei Kjeld Nuis mei 1.10.58. Koen Verweij einige mei 1.10.61 as tredde, foar Schipper dy't mei 1.10.63 fjirde waard.

De tickets foar it WK ôfstannen op de 1000 meter binne foar Hein Otterspeer, Stefan Groothuis en Kjeld Nuis. Groothuis en Nuis riden sneon beide in tiid fan 1.10.48 en stean dêrmei yn de top trije fan it klassemint fan de 1000 meter. Dizze top trije ferskynt oan de start by it WK ôfstannen, dat fan 12 oant en mei 15 febrewaris ferriden wurde sil yn Thialf.

De top trije fan it einklassemint fan it NK sprint kin him klearmeitsje foar it WK sprint. Dat betsjut dat Otterspeer, Mulder en Schipper op 28 febrewaris en 1 maart yn Astana oan de start stean sille.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)