SC Hearrenfean pakt trije punten by FC Utrecht

SC Hearrenfean pakte snein de earste oerwinning fan 2015 troch mei 2-1 te winnen fan FC Utrecht. Yn de Galgenwaard sette Luciano Slagveer yn de 41e minút de 0-1 it boerd. Fuort dêrnei krige Mark Uth in goede kâns op de 0-2, mar syn skot mislearre. Duplan fan Utrecht wie op slach fan rêst ticht by de lykmakker, mar keeper Nordfeldt krige help fan de peal, dy't de 1-1 foarkaam.
Nei rêst sette Sam Larsson de twadde Feanster treffer op it boerd. Yn de 90e minút mocht Utrecht foar de earetreffer tekenje mei in strafskop nei hands fan De Roon.