Thijsje Oenema foar it earst Nederlânsk kampioene sprint

18 jan 2015 - 15:59

Thijsje Oenema is de nije Nederlânsk kampioene sprint. Op de ôfslutende 1000 meter liet Oenema har foarsprong yn it klassemint fan oardel sekonde op Margot Boer net mear yn gefaar komme. De winst op de 1000 meter gong nei Marrit Leenstra mei 1.17.72. Leenstra wûn sneon ek al de 1000 meter en is dêrmei wis fan in ticket foar it WK ôfstannen op de 1000 meter.

Laurine van Riessen pakte mei 1.18.08 it sulver op de twadde 1000 meter en is ek wis fan in WK-plak. It brûns gong nei Margot Boer (1.18.61). Dat wie lykwols net genôch foar in WK-plak.

It tredde WK-ticket op de 1000 meter giet nei Ireen Wüst, dy't snein net yn aksje kaam, mar sneon al in tiid fan 1.17.99 klokte. Dat wie de twadde tiid dit wykein en dus goed genôch foar pleatsing foar it WK ôfstannen.

It is de earste kear dat Thijsje Oenema it NK sprint wint. Mei har tiid fan 1.18.88 einige se op de ôfslutende 1000 meter as sechsde. Laurine van Riessen einige yn it einklassemint as twadde, folge troch Margot Boer.

De top trije fan it einklassemint fan it NK sprint kin him klearmeitsje foar it WK sprint. Dat betsjut dat Oenema, Van Riessen en Boer op 28 febrewaris en 1 maart oan de start stean sille yn Astana.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)