Jesper Hospes pleatst him op 500 meter foar WK ôfstannen

18 jan 2015 - 15:05
  • Jesper Hospes yn aksje op de 500 meter fan de NK sprint

Jesper Hospes hat him by it NK sprint op de 500 meter pleatst foar it WK ôfstannen. Hospes pakte snein op de twadde 500 meter it sulver mei syn tiid fan 35.61. Dêrmei einiget er yn de top trije op dizze koartste sprintôfstân en sil er heal febrewaris syn WK-debút meitsje op it iis fan Thialf. De winst op de twadde 500 meter gong nei Michel Mulder mei 35.38. It brûns wie foar Hein Otterspeer yn 35.66.

Yn it algemien klassemint giet Otterspeer oan de lieding. Hy hat in heale sekonde foarsprong op Mulder. Pim Schipper stiet op it tredde plak.

Hospes fine we werom op it achste plak yn it klassemint. De 1000 meter is sneintemiddei de lêste ôfstân fan it NK sprint.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)