Fryske boarre Teun reizget ûnder motorkap nei Den Haach

18 jan 2015 - 13:22

De Fryske boarre Teun hat sneon hûnderten kilometers ôflein ûnder de motorkap fan in auto. It bist reizge sa fan Twellingea nei Den Haach. De eigener fan de auto hearde by in sanitêre stop op de Ofslútdyk wol gemau, mar wist net dat it út har auto kaam, skriuwt Omroep West. De bestjoerster ried troch nei hûs. Dêr hearde se wer in kat miaukjen, wêrnei't se de motorkap iepen die. Dêr seach se de swart-wite boarre.

Se hat de kat oerdroegen oan de biste-ambulânse yn Den Haach. Teun makket it goed.

It bist wurdt snein ophelle troch de Fryske eigeners.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)