Motorrider ferwûne by ûngelok Lauwerseach

18 jan 2015 - 12:02

In 25-jierrige man út Damwâld is sneontemiddei ferwûne rekke by in ûngelok by Lauwerseach. It slachtoffer moast útwike foar in bestelbuske. De 37-jierrige bestjoerder út Haulerwyk ried mei syn buske fanôf in syddyk de trochgeande Strandweg op.

De motorrider gie ûnderút en krige syn motor oer him hinne. Hy is nei it sikehûs brocht.

Trefwurden: 
ûngelok ferwûne motorrider
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)