Frou út Oene rydt de sleat yn as se har tillefoan siket

18 jan 2015 - 11:45

In 20-jierrige ynwenster fan it Gelderse Oene is sneontemoarn by Aldeholtwâlde mei har auto yn de sleat bedarre. De frou ried oer de A32 yn de rjochting fan Wolvegea doe't se har tillefoan pakke woe dy't fallen wie. Doe't se wer oerein kaam, ried se op de fangrail ôf.

Se stjoerde de oare kant op, mar ried doe de sleat yn. De frou wie ûnderkuolle rekke en moast nei it sikehûs.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)