Plysje pakt Harnzer bruorren op foar mishanneling

© Omrop Fryslân
De plysje hat sneintemoarn betiid yn Ljouwert twa bruorren fan 20 en 30 jier út Harns oanholden. De twa hearden by in groep dy't krekt foar slutingstiid noch in hapke ite woe yn in hoarekasaak oan it Ruterskertier. Doe't de 33-jierrige eigener dúdlik makke dat dat net mear koe, ûntstie der spul.
De twa Harnzers mishannelen de man. De plysje hat de bruorren oppakt. Se sitte fêst op it plysjeburo. De plysje docht fierder ûndersyk nei it ynsidint.