Man út Snits (51) ferstoarn nei lawine-ûngelok yn Eastenryk

18 jan 2015 - 10:14

In Snitser (51) is sneontejûn yn it sikehûs fan Innsbruck ferstoarn neidat er freed slim ferwûne rekke by in lawine-ûngelok. It slachtoffer lei sûnt freed yn kritike tastân yn it sikehûs. It ûngelok barde by it wintersportplak Nauders yn Tirol. In groep fan fjouwer skiërs waard bûten de piste ferrast troch de lawine.

De Snitser wie oan it skyen mei twa Dútsers en in gids. Trije fan harren waarden troch de lawine meisleept. De Snitser waard troch syn begelieders út de lawine helle en reanimearre. De plysje fan Tirol ûndersiket de saak.

Trefwurden: 
lawine Eastenryk
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)