Befolking omearmet takomstplan medysk spesjalisten Sionsberg

It plan fan de medysk spesjalisten fan de Sionsberg foar de takomst fan it sikehûs is sûnt sneon ek it plan fan de befolking dy't dêr de soarch ôfnimme sil. Dat is ien fan de wichtige resultaten fan de ynventarisaasje yn de streek. Sneon wie de grutte Sionsbergdei yn Dokkum mei fertsjintwurdigers fan eltsenien dy't meitocht hat oer de takomst fan it sikehûs.
Wat de medysk spesjalisten mei it sikehûs wolle, komt goed oerien mei de takomstplannen fan de nije eigeners fan de Sionsberg. Sy wolle de Sionsberg op 26 jannewaris wer iepenje.