Jorrit Bergsma set de turbo derop en wint yn Thialf

Jorrit Bergsma hat sneontejûn syn fjirde maraton fan it seizoen wûn. De Nederlânsk maratonkampioen moast op syn thúsbaan Thialf yn de finale mei trettjin konkurrinten ôfrekkenje. Dat die de ynwenner fan Aldeboarn mei oermacht. Doe't it boerd op fiif stie, joech Bergsma gas en wat der ek besocht waard, Bergsma wie net mear te efterheljen.
Thom van Beek waard twadde, Simon Schouten tredde. Bob de Vries, ploechmaat fan Bergsma, biuwt mei in grutte foarsprong klassemintslieder.