Maria Sterk nimt mei in earerûntsje ôfskie fan de maraton

17 jan 2015 - 22:15

Mei in prachtich earerûntsje op it keunstiis fan Thialf naam Maria Sterk ôfskie fan it maratonpeloton en it publyk. De 34-jierrige ynwenster fan Hallum hat trettjin seizoenen yn de top meidraaid. Omdat se fan 't simmer in lytse poppe krijt is it no dien mei de topsport. Maria Sterk hat ûnder oaren yn 2009 it iepen NK op de Weissensee wûn. In jier letter waard se nasjonaal kampioen op it natoeriis fan de Súdlaardermar.

Yn maart 2005 ried se yn Thialf nei in nij wrâldoererekôr: 36 km 441 meter en 26 sentimeter. Dat rekôr stiet noch altyd.

De maraton waard wûn troch de Italiaanse Francesca Lollobrigida foar Foske Tamar van der wal en Elma de Vries.

Trefwurden: 
maraton reedriden Maria Sterk
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)