Leenstra wint 1000 meter, Oenema hâldt lieding yn klassemint

Thijsje Oenema © ANP
Marrit Leenstra wûn sneontemiddei de earste 1000 meter by it NK sprint yn Grins. De rydster fan Wikel naam dêrmei knap revâns op har teloarstellende 8e plak op de 500 meter earder op de dei. Leenstra pakte de winst yn in tiid fan 1.17.81 en bleau dêrmei Ireen Wüst (1.17.99) foar. It tredde plak wie foar Thijsje Oenema mei 1.18.40.
Yn it klassemint giet Oenema nei twa ôfstannen oan de lieding. Margot Boer stiet twadde. Boer einige op de 1000 meter as fyfde mei 1.18.68. Op de 500 meter waard se tredde. Leenstra stiet tredde yn it klassemint.
Janine Smit stiet nei de earste dei op it sechsde plak yn it klassemint, folge troch Ireen Wüst dy't we nei twa ôfstannen weromfine op it sânde plak. Anice Das fan It Hearrenfean stiet no achste, Letitia de Jong út Feanwâlden is no tsiende.
Snein ride de froulju op 'e nij de 500 en 1000 meter.