Ineke Wonder wint WK klunen yn Grou

17 jan 2015 - 16:41
  • Winneres Ineke Wonder by de stimpelpost
  • Ineke Wonder wint de tredde edysje fan it WK klunen
  • Hiel wat dielnimmers kamen ferklaaid oer de einstreek
  • Jong en âld koe meidwaan oan it WK klunen

Ineke Wonder út Grou is sneontemiddei de winner wurden fan de tredde edysje fan it WK klunen yn har eigen wenplak. Wonder kaam as earste fan de hûndert dielnimmers klunend oer de einstreek. De winneres wie tige te sprekken oer de organisaasje fan de rûte.

In diel fan it ynskriuwjild fan it WK klunen gong dit jier nei it goede doel: it Foppe Fûns. De organisaasje helle 1000 euro op foar it fûns fan Foppe de Haan, dat as doel hat om sporten foar bern mei in beheining mooglik te meitsjen.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)