Piet Paulusma warskôget foar glêde diken en snie

Waarman Piet Paulusma warskôget foar glêde diken en oerlêst troch snie. It ferkear moat sneontenacht, snein oerdeis mar ek moandei rekken hâlde mei snie. Yn it westen fan Fryslân wurdt it in mjuks fan rein en snie, mar fierder it lân yn sil der mear snie falle.
Yn de nacht fan snein op moandei sil it ien oant twa graden frieze. Ek moandei oerdeis ferwachtet Piet Paulusma noch sniebuien.