Man út Minnertsgea stelt plysjejas út plysjeauto

17 jan 2015 - 11:16
  • Plysje

De plysje hat freedtejûn in Minnertsgeaster (42) oppakt op fertinking fan it stellen fan in plysjejas en mishanneling. Dat barde op de Collot d'Escurystrjitte. De plysje wie warskôge troch in buertbewenner (50), dy't troch de man skopt en slein wie.

De fertochte wie aardich oer syn teewetter, sa tinkt de plysje. Wylst de plysjes nei it ferhaal fan it 50-jierrige slachtoffer harken, seach in tsjûge dat de fertochte in plysjejas út de plysjeauto pakte en meinaam nei syn hûs. De man is dêrop oppakt en ynsletten.

De Minnertsgeaster hat de jas wer werom jûn. Der wurdt proses-ferbaal opmakke fan it ynsidint.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)