Fermiste man út Jobbegea is wer te plak

17 jan 2015 - 10:16
  • Plysje helikopter

De sûnt tongersdeitemiddei fermiste Freriks út Jobbegea is werom. De man hat him sneontemoarn om seis oere hinne sels melden by syn hûs. It is noch net dúdlik wêr't er al dy tiid west hat. De plysje sil noch mei de 70-jierrige man prate. Freriks wie goed sûn doe't er thús kaam.

Neffens de plysje hat er in skoft omswalke. De plysje hie ûnder oare mei in helikopter nei him socht.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)