Foarstelling Tryater yn Keramykmuseum Ljouwert

16 jan 2015 - 21:39

Yn it Keramykmuseum Princessehof yn Ljouwert wie freedtejûn de premjêre fan de foarstelling 'Brekber' fan teaterselsskip Tryater. In bysûndere kombinaasje tusken in teaterfoarstelling én in ynstallaasje. It publyk nimt plak tusken de 888 boerden út de kolleksje fan it museum en ûndergiet twa ferskate keunstuteringen op ien momint.

Sintraal yn Brekber stiet it sammeljen fan porslein. Regisseur Jos van Kan hat spesjaal ûntwurpen stikken fan it museum yn de foarstelling opnaam.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)