Lokale kranten ferlieze fêste sjoernalisten

16 jan 2015 - 17:12

De lokale kranten fan Fryslân ferlieze har fêste sjoernalisten. De Noordelijke Dagblad Combinatie wol ôf fan de fêste besetting om sa jild te besparjen. De kranten moatte tenei folle wurde troch freelancers. Neffens direkteur Dina Boonstra is der gjin oare kar mooglik.

De advertearders ha hieltyd minder jild oer foar de lokale kranten en dat betsjut dat de kranten ek goedkeaper makke wurde moatte. Hoefolle minsken har baan ferlieze, is noch net dúdlik. Ek moat de direksje earst noch prate mei de ûndernimmingsried.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)