Kok brekt hân; tsjinslach foar team Bocuse d'Or

In grutte tsjinslach foar it Nederlânske team dat meidocht oan de grutte itensiederswedstryd Bocuse d'Or. Lars Aukema fan De Jouwer, de assistint fan kok Jan Smink, hat tongersdei de hân brutsen. Beide mannen binne al hast twa jier oan it trainen foar de wrâldfinale yn Lyon ein dizze moanne.
Der is al in ferfanger oanwiisd, Rogier Peeters. Hy wurket by toprestaurant de Librije yn Swol. De kommende oardel wike sil er ynwurke wurde yn it fleis- en fiskgerjocht dat makke wurde moat by de finale yn Lyon.