Metamorfoaze foar Garyp nei iepening rûnwei

De rûnwei om Garyp is freed as ûnderdiel fan de Sintrale As iepene en no wurdt it karakter fan it doarp ek oars. Ynwenners wiene earst kritysk oer de plannen. It trasee fan de provinsje soe de natuer en it lânskip tefolle skea tabringe. Guon ûndernimmers binne benaud dat it doarp útstoarn rekket. Mar pleatslik belang Garyp sjocht krekt kânsen om de âlde trochgeande dyk op te kreazjen.
It doarp krijt in metamorfoaze en der binne as kompensaasjemaatregels boskjes en fûgeltsjelân oanlein.