Goed 100 yllegale fûken yn Iselmar oantroffen

16 jan 2015 - 14:47

Op de Iselmar binne mear as 100 yllegale, grutte fûken oantroffen. Dat hat de Nederlânske Voedsel- en Warenautoriteit freed bekend makke. De netten binne ek foar de Fryske kust fûn. It is oant mei 30 april ferbean om mei dizze grutte fûken te fiskjen, want it giet min mei in soad fisksoarten yn de Iselmar.

De yllegale fûken binne nei alle gedachten fan fjouwer grutte fiskersbedriuwen. Dat docht bliken út ûndersyk fan ûnder oare de NVWA en de wetterplysje. Tsjin de fiskersbedriuwen wurdt proses ferbaal opmakke.

Trefwurden: 
Iselmar yllegaal fûke NVWA
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)