Unrêst by Burgerskoalle yn Dokkum hâldt oan

16 jan 2015 - 12:52

De problemen by de Burgerskoalle yn Dokkum binne noch net oer. Freed is it de lêste wurkdei fan direkteur Germ de Vries. Hy moat nei hûs om't er yn de problemen kaam is mei de direksje fan Roobol, de koepel fan skoallen. Oant 1 juny is er noch yn tsjinst, mar hy is no wol op non-aktyf set.

De âlden hawwe harren ta it uterste ferset tsjin it fertrek fan de Germ de Vries, mar fine it foar him ek goed dat hy no earst rêst krijt. Roobol hat in organisaasje-adviseur as ynterim-direkteur op skoalle set, dy't troch de âlden net akseptearre wurdt.

Ek binne de âlden it net iens mei it ferdwinen fan it ûnderwiis oan heechbejeftige bern. Sy wolle dat der in ûnôfhinklik ûndersyk komt nei de gong fan saken op de Burgerskoalle.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)