KNRM moast ferline jier mear rêdingsaksjes dwaan

16 jan 2015 - 12:23

It tal rêdingsaksjes fan de KNRM yn Fryslân is yn 2014 wer tanaam. De lêste jierren moat de KNRM hieltyd faker yn aksje komme. Op de Waadsee binne 26 minsken mear holpen yn ferliking mei 2013. Ek op de Iselmar is it tal rêdings tanaam. Neffens de KNRM komt dat benammen troch it moaie waar yn de simmer.

Der wienen wol minder minsken fermist en minder út it wetter helle by de strannen. De KNRM tinkt dat dat komt trochdat de see minder rûch wie as yn 2013. Ek wienen minder fermissings om't bern faker in polsbantsje mei kontaktgegevens om ha.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)