Jild foar sûne skoalpleinen yn Drachten

Jild foar sûne skoalpleinen fan Liudger yn Drachten
Skoalmienskip Liudger hat 50.000 euro krigen fan de stichting Jantje Beton foar it ûntwikkeljen fan sûne skoalpleinen. De start foar it projekt wie tongersdei. De skoalmienskip sil oan de slach mei de skoalpleinen fan de lokaasjes Raai en Splitting yn Drachten.
Doel is om de pleinen útdaagjend, grien en smookfrij te meitsjen om de jongerein te stimulearjen om sûn te libjen.