Bysûndere gast by sprekbeurt oer Ljouwert

16 jan 2015 - 12:01
  • Boargemaster Ferd Crone fan Ljouwert by de sprekbeurt
  • Ricky van Daalen by de sprekbeurt oer Ljouwert

Boargemaster Ferd Crone fan Ljouwert wie freed te gast op in skoalle om te fertellen oer de stêd en syn wurk. It bysûndere wie dat er útnoege wie troch Ricky van Daalen, in learling út groep 8 fan basisskoalle Oud Oost.

Ricky moast in sprekbeurt hâlde en hie de stêd Ljouwert útkeazen as ûnderwerp. De boargemaster paste dêr fansels goed by. De jonge hat sels it stedhûs belle om in ôfspraak te meitsjen mei Crone. De boargemaster wie sa ûnder de yndruk fan de bern fan groep 7 en 8, dat se útnoege binne foar in rûnlieding op it stedhûs.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)