Part fan Sintrale As klear: rûnwei by Garyp giet iepen

16 jan 2015 - 11:44
  • Iepening rûnwei by Garyp
  • Iepening rûnwei by Garyp
  • (argyffoto)

De rûnwei by Garyp is freed om 13.00 oere troch de deputearren Sietske Poepjes en Johannes Kramer iepene. Al sûnt 2012 is oannimmer Haarsma Infra en Milieu dwaande mei de oanlis fan dizze rûnwei. Nei de iepening ha de earste auto's oer de nije dyk riden.

De rûnwei by Garyp is in ferbiningstik tusken de nij oan te lizzen Sintrale As en de Wâldwei en moat foarkomme dat ferkear troch it doarp Garyp rydt. It stik dyk koste twa miljoen euro en is it earste ûnderdiel fan de Sintrale As dat oplevere wurdt.

Mei bussen binne pommeranten en sa'n 40 bern fan basisskoalle de Wrâldpoarte út Garyp nei ferskate plakken op en om de rûnwei brocht.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)