GGZ jout psychyske help op Blue Monday

16 jan 2015 - 11:05
  • GGZ Fryslân

Kommende moandei, 19 jannewaris, is it Blue Monday. Sa wurdt de meast depressive dei fan it jier neamd. Op dizze dei kinne minsken de hiele dei mei fragen oer psychyske help telâne by psychiatrysk ferpleechkundige Harold Wenning fan GGZ Fryslân. Fia de WhatsApp sil er fragen beäntwurdzje en handige tips jaan. Minsken kinne appe nei it nûmer 06 125 021 21.

Ek komt de GGZ mei in spesjale ynformaasjekrante: de Breinpower. Hjiryn stiet ynformaasje oer alle foarmen fan geastlike sûnenssoarch yn Fryslân.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)