Gemeente keapet âlde bankgebou yn Easterwâlde

Alde Rabobankgebou yn Easterwâlde
De gemeente Eaststellingwerf hat it âlde bankgebou yn Easterwâlde kocht. Oer it fertutearze bankgebou wurdt al jierren praat. It gebou stiet al lang leech en is út feiligens tichtspikere. Eigener en gemeente sochten nei in nije bestimming, mar dat slagge net. Dêrom hat de gemeente no besletten om de âlde bank sels te keapjen.
De lokaasje en it gebou meitsje ûnderdiel út fan it Masterplan Easterwâlde Sintrum - Venekoten Noard. Yn it plan stiet dat it om wenjen of tsjinstferliening gean moat.
Oft it gebou behâlden bliuwt of sloopt wurde sil, kin de gemeente noch net sizze.