Grutte kâns dat Spiker yn Ternaard bestean bliuwt

De kâns is grut dat fersoargingshûs Spiker yn Ternaard bestean bliuwe kin. Dat seit Jan Keegstra fan Wurkgroep âlderesoarch Ternaard. De wurkgroep hat yn gearwurking mei Idesta Zorggroep en in ynvestearder twa plannen betocht om de âlderesoarch yn Ternaard te hâlden. In skoft lang wie ûndúdlik hoe't it mei it fersoargingshûs fan Ternaard komme soe, neidat soarchgroep Pasana it slute soe.
Letter dizze moanne hopet Keegstra te hearren oft de kurator akkoart giet mei it plan. Neffens Keegstra is de kâns 80 à 90 prosint dat it wol goed komt.