Meiwurkers Wetsus ferhúzje nei nij gebou

De meiwurkers fan wetterynstitút Wetsus yn Ljouwert ferhúzje freed nei harren nije gebou fyftich meter fierderop. Wetsus ferhuzet nei in nij, duorsum bedriuwssammelgebou. De gemeente Ljouwert is eigener fan it nije pân, mar Wetsus is fierwei de belangrykste hierder.
De kommende dagen sille ek it laboratoarium en de proefhal ferhúzje. Fanwege de djoere en gefoelige apparatuer wurdt dit hiel foarsichtich ferfierd. Freed 23 jannewaris krijt Wetsus offisjeel de kaai fan it gebou oerlange.