Húsdokters yn Noardeast-Fryslân meielkoar fierder

(stockfoto) © Omrop Fryslân
De húsdokters yn Noardeast-Fryslân hawwe oerienstimming berikt oer de organisaasje fan de húsdoktersoarch. Yn oerlis mei soarchfersekerder De Friesland en de nije ynvestearders sil dy soarch fierder ûntwikkele wurde. Der wurdt tawurke nei saneamde 'anderhalvelijnszorg'. De 'earstelijnszorg' is de normale soarch fan in húsdokter en de twadde lijn binne de spesjalisten.
Yn Noardeast-Fryslân giet men der dus tuskenyn sitten. Dit hâldt yn dat de húsdokters tenei ek lytse yngrepen dwaan sille en dat is belangryk no't de Sionsberg ticht is.