Marga Waanders opnij beneamd ta boargemaster Dongeradiel

15 jan 2015 - 20:03
  • De beneaming fan 2009

Marga Waanders is tongersdeitejûn foar in twadde perioade fan seis jier beneamd ta boargemaster fan Dongeradiel. Se waard beëdige troch kommissaris fan de Kening John Jorritsma. Foar him wie it ek in bysûnder momint, it wie de fyftichste kear dat hy in boargemaster beneame mocht. En op de ienenfyftichste kear hoecht er net lang te wachtsjen. Freedtemiddei ynstallearret hy boargemaster Bert Wassink fan Skylge.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)