Soad wite fuotsjes achterlitten by kontrôle yn Dokkum

15 jan 2015 - 16:58

De ynwenners fan Dongeradiel slute harren huzen net goed ôf. Dat is de konklúzje fan de fuotsje-aksje dy't de plysje, de gemeente en de wenningstichting woansdei hâlden hat. Se kontrolearren huzen yn de binnenstêd fan Dokkum en yn oantal bûtenwiken.

In hiel soad huzen, garaazjes en hokjes wiene net op slot en ek in soad fytsen stienen net op slot. By dizze bewenners waard in wyt fuotsje achterlitten, as sinjaal dat in ynbrekker der ek sa ynkomme kinnen hie.

Mei de fuotsje-aksje hopet de plysje dat minsken harren mear bewust wurde fan it risiko op in ynbraak.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)