Broer fan fermiste Gert-Jan Luimstra yn Bynt

Bert-René Luimstra docht tongersdeitejûn yn Bynt syn ferhaal oer syn fermiste broer. De 38-jierrige Gert-Jan Luimstra hat sûnt ferline wike tiisdei net mear thús west. De Snitser is wol sinjalearre yn Surhústerfean. De plysje hat trije meldings krigen út it doarp.
Luimstra soe ûnder oare sjoen wêze yn in pizzeria en yn in bakkerij. De famylje hat dêrom tongersdei de hiele dei op syk west yn Surhústerfean.