Feanster rydt ûnder ynfloed fan GHB

GHB
In 28-jierrige man fan It Hearrenfean is yn de nacht fan woansdei op tongersdei syn rydbewiis kwytrekke nei't er ûnder ynfloed efter it stjoer siet. De plysje kaam de automobilist tsjin op de Van Dekemaleane yn syn wenplak. Doe't de plysje de man oan de kant sette, like er bot yn 'e war. De fertochte joech oan dat er de drug GHB brûkt hie.
Hy is meinaam nei it buro, dêr't in bloedproef by de man ôfnaam is. Syn rydbewiis is ynnaam en der is proses-ferbaal tsjin de man opmakke.